Lege konteners op strân Skylge

18 des 2011 - 17:23

Op Skylge binne op it strân trije konteners oanspield. De konteners binne earder dizze wike fan in skip fallen troch de stoarm op de Noardsee. Jutters hiene al ferwachte dat de konteners oan lân komme soene.

De jutters hawwe der net folle wille fan, want de konteners binne leech. Op it strân wurdt wol drok jut, mar foarsafier bekend binne der gjin saken fan wearde oanspield.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)