Lege arbeidsproduktiviteit

05 nov 2003 - 00:00

De arbeidsproduktiviteit yn Fryslân leit 7,5 prosint leger as yn oare provinsjes. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Rijksuniversiteit yn Grins.

Fryske wurknimmers binne lykwols net lui. It hat te krijen mei dat de bedriuwen yn de provinsje lytser binne. Der wurdt minder mei masines wurke en bedriuwen binne minder automatisearre. Boppedat is it tal subsidearre banen yn Fryslân grut.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)