Legale keten yn Achtkarspelen

06 apr 2011 - 22:13
  • Foto: Binne-Louw Katsma

Yn de gemeente Achtkarspelen is woansdei de earste jongerekeet legalisearre. Boargemaster Van der Zwan sette syn hanteken ûnder de oerienkomst dy't ek tekene wurde moast troch de eigner en tasichthâlder fan de keet en ien fan de jongeren. Want se moatte har oan de regels hâlde. Gjin sterke drank, gjin drugs, op tiid ticht en der meie gjin konsumpsjes ferkocht wurde.

Twizelerheide is de earste legale keet en der folgje noch mear yn de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)