Legaat foar Fryske Gea

25 sep 2011 - 14:46

It Fryske Gea hat koartlyn mear as 900.000 euro skonken krigen út de erfenis fan in frou út Amsterdam. Sy en har man wiene Friezen om utens; sy út Ljouwert en hy út Wolvegea. Dit advokate-echtpear hie in sterke bân mei Fryslân.

It Fryske Gea docht it jild yn in apart fûns en kin it goed brûke no't der in soad besunige wurdt op jild fan it ryk foar de natoer. By de skinking is wol frege om ekstra omtinken foar de Alde Feanen en de Lindevallei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)