Legaat foar Aaipop

07 okt 2000 - 17:21

De Stifting Aaipop organisearret in rige fan seis konserten foar Fryske bands. Dat is mooglik om't de Stifting, dy't jierliks mei Peaske in Frysk popfestival fersoarget, 15.000 gûne krigen hat út in neilittenskip.

De konserten wurde hâlden yn it kafee 'De Herberch fan Nijlân'. De groep Reboelje iepenet de rige op 28 oktober en de band Bricquebec slút ein maaie ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)