LEF Feanwâlden set útein

04 feb 2013 - 11:06
  • Duorsume enerzjy

Yn Feanwâlden is dit wykein de feriening Leefbaar met Energie Feanwâlden (LEF) offisjeel útein set. De feriening hat as doel om mei eigen sinnepanielen enerzjy op te wekken en sa jild te fertsjinjen foar it doarp. Ek kinne minsken advys krije om enerzjy te besparjen.

Neffens oprjochter Theo Klein is de tiid ryp foar dit soarte fan inisjativen. Minsken hawwe har nocht fan grutte konglomeraten en wolle net mear ôfhinklik wêze fan oalje en gas dat hieltiid krapper en djoerder wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)