'Leeuwtje' foar Saco Velt

23 des 2012 - 12:25
  • Saco Velt krijt Leeuwarder Leeuwtje

Saco Velt fan dûnssintrum Saco Velt is sneontejûn ûnderskieden mei it 'Leeuwarder Leeuwtje'. Dat wie nei't sa'n 100 âld learlingen him ferrasten op Kerstgalabal yn Sealen Schaaf yn Ljouwert. De ûnderskieding fan de gemeente Ljouwert is foar minsken dy't in soad dien ha foar de stêd. Oanlieding wie it 30-jierrich bestean fan de Ljouwerter dûnsskoalle. Velt krige ek in grut boek fol mei ferhalen fan de ôfrûne 30 jier. De festiviteiten wienen yn it geheim organisearre troch dochter Marrit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)