Lees en Schrijf by Omrop

21 mrt 2007 - 12:36
  • By it edukative programma heart ek in webside
  • Om tsien oere gie it nije programma by de omrop 'de loft yn'

De allerearste ôflevering fan de nije edukative tv-searje "Lees en Schrijf!" is woansdei útstjoerd op Omrop Fryslân. De tolvedielige rige is bestimd foar minsken dy't problemen ha mei lêzen en skriuwen.

De ôfleveringen binne yn it Nederlânsk en binne ek op oare regionale omroppen te sjen. Alle wiken wurdt ien ôflevering útstjoerd, dy't alle dagen werhelle wurdt. It Friesland College is ek by de produksje belutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)