Leenstra wol nei WK ôfstannen

09 mrt 2013 - 13:50
  • Marrit Leenstra

Marrit Leenstra hat sneon by de finale fan de wrâldbeker yn Thialf in teloarstellende tiid delset op de 1000 m. De rydster fan Wikel klokte 1.16.67 en kaam dêrmei net fierder as plak 10. It wie lykwols krekt genôch om in ticket te pakken foar de WK ôfstannen yn Sotsji. Se wist Lotte van Beek foar te bliuwen yn it klassemint fan jannewaris o/m maart.

De winst gong nei Christine Nesbitt (1.15.48), it sulver nei Hong Zhang (1.15.50). Laurine van Riessen einige mei 1.15.95 as bêste Nederlânse op plak 3 en is ek wis fan in ticket yn Sotsji.

De WK ôfstannen yn Sotsji fine plak fan 21 oant en mei 24 maart. Foarige wike pleatste Ireen Wüst har al foar in startplak op de 1000 meter. By de manlju steane Stefan Groothuis, Mark Tuitert en Kjeld Nuis oan de start op de kilometer by de WK ôfstannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)