Leenstra wint 1000 meter op NK

06 nov 2010 - 15:29

Marrit Leenstra fan Wikel hat sneon de 1000 meter yn Thialf wûn. Mei 1.16.84 wie se de rapste op de NK ôfstannen op it iis fan It Hearrenfean. Se liet Margot Boer (1.17.26) en Laurine van Riessen (1.17.28) achter har.

De ritten fan Ireen Wüst en Marianne Timmer foelen ôf. Wüst waard fyfde en Timmer waard tsiende. Annette Gerritsen pakte de titel ferline jier. Se docht no net mei fanwegen in hamstringblessuere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)