Leenstra tredde op 1500 meter by wrâldbeker yn Thialf

13 des 2015 - 14:41

Marrit Leenstra pakte snein har twadde brûnzen medalje by de wrâldbekerwedstriden op it iis fan Thialf. Op de 1500 meter klokte de rydster fan Wikel in tiid fan 1.56.12, goed foar it tredde plak. Sneon wie der ek al brûns foar Leenstra op de 1000 meter. De winst op de 1500 meter gong nei Heather Richardson-Bergsma, dy't mei 1.55.29 de bêste wie. Lângenoate Brittany Bowe einige as twadde mei in tiid fan 1.55.44.

Leenstra is mei it tredde plak wis fan it WK ôfstannen yn Kolomna. Antoinette de Jong fan Rottum waard mei 1.58.00 achtste.

By de manlju gong de winst op de 1500 meter nei de Amerikaan Joey Mantia, dy't in tiid klokte fan 1.44.26. It twadde plak wie foar de Rus Denis Yuskov (1.44.38). Kjeld Nuis klokte 1.45.33, goed foar it tredde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)