Leenstra tredde mei ploech

28 nov 2010 - 18:34

Marrit Leenstra is by de wrâldbekerwedstriden yn it Noarske Hamar mei de Nederlanske ploech tredde wurden op it ûnderdiel ploege-achterfolging. Yn in kombinaasje mei Marije Joling en Jorien Voorhuis sette Leenstra in tiid op 'e klokken fan 3.04.62. Kanada waard earste. Ruslân twadde.

Yn it tuskenklassimint foar de ploege-achterfolging stiet Nederlân op it earste plak folge troch Dútslân en Ruslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)