Leenstra reserve by WK sprint

16 jan 2009 - 12:16
  • Marrit Leenstra (foto Martin de Jong)

Reedrydster Marrit_Leenstra fan Wikel is dit wykein reserve by it WK sprint yn Moskou. De kâns dat se yn aksje komt is lyts en se rjochtet har dan ek op de skate-off fan takom tiisdei. Dêr kin se har pleatse foar it WK_Allround yn Hamar. By de skate-off is dêr noch ien ticket te fertsjinjen en wurde in 1500 en in 3000 meter riden.

Leenstra komt dit wykein op it WK sprint allinnich yn aksje as Annette Gerritsen, Margot Boer, Natasja Bruintjes of Laurine van Riessen útfalt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)