Leenstra pakt sulver op 1500 m

17 nov 2012 - 16:46
  • Marrit Leenstra, Thialf, wrâldbekerwedstriid

Marrit Leenstra hat sneon it sulver pakt op de 1500 meter by de wrâldbekerwedstriden op It Hearrenfean. Leenstra kaam yn in rjochtstreeks duel tsjin de Kanadese Christine Nesbitt krekt sân hûndertste te koart foar de oerwinning. Nesbitt wûn yn in tiid fan 1.56.35. Leenstra klokte 1.56.42.

It brûns wie ferrassend foar Lotte van Beek (1.57.42), dy't Claudia Pechstein fan it poadium ried.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)