Leenstra pakt sulver op 1000 m

06 mrt 2011 - 16:38
  • Marrit Leenstra yn aksje op de 1000 meter (foto: awfoto.nl)

Reedrydster Marrit Leenstra is snein as twadde einige op de 1000 meter by de wrâldbekerfinale yn Thialf. De sulveren medalje smyt ek in startplak op by it WK ôfstannen yn Inzell takom wykein. Ireen Wüst wûn de 1000 meter en Margot Boer fan Grou waard 7e. Leenstra wie earder al wis fan in startbewiis op de 1500 meter.

De Amerikaanse Heather Richardson wûn it wrâldbekerklassemint oer it hiele seizoen op de 1000 meter. Margot Boer pakte dêr it brûns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)