Leenstra njonken top 10 op 500 meter yn Inzell

06 des 2015 - 16:26
  • Marrit Leenstra yn aksje

Marrit Leenstra is der snein net yn slagge in top 10 notearring te pakken op de twadde 500 meter by de wrâldbekerwedstriid yn it Dútske Inzell. Nei in goede 1500 meter earder op de middei ried Leenstra in knappe tiid fan 38.39 op de 500 meter. Dêrmei einige se úteinlik as alfde.

De winst op de sprintôfstân gong nei Sang-Hwa Lee, dy't mei 37.36 har konkurrinsje fier foar wist te bliuwen. Heather Bergsma-Richardson waard twadde mei 37.84. De Kanadese Heather McLean pakte mei 38.02 it brûns.

Margot Boer waard mei 38.51 fjirtjinde.

By de manlju einige Jan Smeekens fan Snits as sânde mei syn tiid fan 34.92. De winst gong nei de Poal Artur Was, dy't in winnende tiid klokte fan 34.65. Twadde waard Alex Boisvert-Lacroix út Kanada (34.74), folge troch Kai Verbij mei 34.80.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)