Leenstra kampioen allround

05 feb 2012 - 15:54

Marrit Leenstra is foar de twadde kear op rige Nederlânsk kampioene allround. Leenstra wie dit wykein fierwei de bêste yn Thialf. Nei de winst op de 1500 meter fan snein wie de rydster út Wikel eins al wis fan de titel.

Op de ôfslutende fiif kilometer gong de winst nei Linda de Vries, dy't mei in tiid fan 7.14.06 de rapste wie. De Vries einige yn it einklassemint op in twadde plak, it brûns wie foar Jorien Voorhuis.

Dit wykein ried Antoinette de Jong har earste 5000 meter. It 16-jierrich talint út Rottum einige op it njoggende plak yn in tiid fan 7.32.91. Dêrmei einige De Jong op in knap tsiende plak yn it einklassemint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)