Leenstra, Boer en Wüst nei WK

11 mrt 2012 - 14:27

Marrit Leenstra, Margot Boer en Ireen Wüst binne wis fan in startplak op de 1000 meter by it WK ôfstannen yn Thialf. By de wrâldbekerfinale yn Berlyn einige Boer snein op it 5e plak. Mei har tiid 1.16.20 wie se de rapste Nederlanner. Leenstra einige mei 1.16.22 op it 6e plak. Thijsje Oenema waard 8e.

Yn ôfwêzigens fan Wüst gong de winst nei de Kanadese Christine Nesbitt dy't mei 1.15.04 in nij baanrekôr ried en de einwinst yn it wrâldbekerklassemint pakte. De Amerikaanse Heather Richardson einige as 2e yn it einklassemint, Leenstra as 3e.

Boer en Wüst fine we werom op it fjirde en fyfde plak yn it wrâldbekerklassemint.

By de manlju gong de winst snein nei de Amerikaan Shani Davis. Hy wûn yn in tiid fan 1.09.24. Twadde waard Kjeld Nuis, it brûns wie foar de Súd-Koreaan Mo Tae-bum. Stefan Groothuis waard fjirde en seach Davis der úteinlik mei de einsege yn it wrâldbekerklassemint fantroch gean.

Groothuis, Nuis en Hein Otterspeer ha in startplak fertsjinne foar it WK ôfstannen op de 1000 meter yn Thialf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)