Leenstra: APPM of Hofmeier

16 apr 2010 - 13:18
  • Marrit Leenstra

Reedrydster Marrit Leenstra fan Wikel kiest binnen no en twa wiken nei welke reedrydploech se folgjende seizoen giet. Se is op dit stuit yn petear mei Hofmeier en APPM.

Leenstra hat de ôfrûne twa jier foar TVM riden, mar dy ploech sil takom seizoen fierder mei in stik minder froulju. Twa jier lyn waard Leenstra wrâldkampioen by de junioaren. It ôfrûne seizoen wie teloarstellend. Se pleatste har net foar de grutte toernoaien en de Olympyske Spelen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)