Leenstra ambassadeur sportfûns

28 mrt 2011 - 18:54
  • Marrit Leenstra set har yn foar sportende bern

Reedrydster Marrit Leenstra is ambassadeur wurden fan it jeugdsportfonds Friesland. Sûnt 2006 biedt it fûns bern de kâns om te sporten as de âlders dêr gjin jild foar hawwe. De kontribúsje foar de sportferiening of de klean dy't nedich binne om te sporten wurde troch it jeugdfûns betelle.

Marrit Leenstra belibbet sels in soad wille oan sport. Oare bern moatte dat neffens har ek kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)