Leenstra alfde by WB Erfurt

30 jan 2009 - 16:38

Reedrydster Marrit_Leenstra fan Wikel is freed alfde wurden op de 1500 meter, tidens de wrâldbekerwedstriid yn Erfurt. Se ried in tiid fan 2.00,58.

De ôfstân waard mei grut ferskil wûn troch Anni Friesinger (1.56,90). Daniela Anschutz (1.58,13) waard twadde en it brûns gie nei Ireen Wüst yn in tiid fan 1.58,54. Dat wie foar Wüst in opstekker nei tal fan tsjinfallende resultaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)