Leenstra 5e yn klassemint

12 jan 2008 - 15:01
  • Marrit Leenstra (foto: Martin de Jong)

Reedrydster Marrit Leenstra stiet foarearst fyfde yn de tuskenstân fan it EK allround yn it Russyske Kolomna. Se die 4.08,34 oer de 3000 meter en waard twadde op de 500 meter. Ireen Wüst stiet boppe-oan yn it klassemint. Sy waard twadde op de 3000 meter en fjirde by de 500 meter. Twadde en tred steane Paulien van Deutekom en Claudia Pechstein.

De 18-jierrige Leenstra út Wikel docht foar it earst oan it EK allround mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)