Leeftydsgrins ferkeap smookwaar

31 des 2002 - 00:00

Oan jongeren ûnder de 16 jier mei fan 1 jannewaris ôf gjin sigaretten of tabak ferkocht wurde. Earder barde dat al op frijwillige basis. Undernimmers dy't de wet oertrede krije in flinke boete.

Ek mei der mei yngong fan it nije jier gjin tabaksreklame mear yn blêden stean. Neist wasrkôgjende teksten komme oer in pear jier ek shockearjende foto's op pakjes sigaretten. Tabakshannelers fine dat de oerheid him tefolle mei de brânzje bemuoit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)