Leeftiidsgrins ballonpiloaten

23 jun 2014 - 14:13
  • Ballonfarpiloat Minne Minnesma fan De Jouwer

Troch nije regels fan it ryk meie ballonpiloaten fan 65 jier en âlder gjin kommersjele fearten mear meitsje. It Ministearje fan Ynfrastrukuer hat nije easken foar boardpersoniel opsteld yn gearwurking mei saakkundigen en artsen.

De 68-jierrige ballonfarder Minne Minnesma fan De Loftsiler tinkt dat it net te kontrolearjen falt oft in ballonfeart wol of net kommersjeel is. De nije regel betsjut net dat piloaten fan 65 jier en âlder no ynienen ophâlde moatte mei ballonfarren, neffens de Jouster.

Yn Nederlân binne sawat trijehûndert ballonfarpiloaten. Rûchwei ien op de fjouwer is âlder as 65.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)