Leefberens plattelân bloeit op mei lokale inisjativen

16 feb 2015 - 22:41

De leefberens fan de Fryske doarpen sjocht der goed út, as ynwenners elkoar fine yn lokale inisjativen. Dat die bliken by in gearkomste fan it Netwerk Duurzame Dorpen dy't moandei yn Raerd holden waard. Hûnderten doarpsminsken troffen inoar om ynformaasje en tips út te wikselen oer lokale enerzjy- en soarchprojekten en inisjativen op it mêd fan keunst, doarpstunen en itensieden. Mei it krekt ynstelde Iepen Mienskipsfûns fan de provinsje kin doarpen no ek finansjeel stipe wurde yn sokke projekten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)