Leefbaar Heerenveen heakket ôf

29 mrt 2002 - 00:00

De fraksje fan Leefbaar Heerenveen is út de ûnderhannelings stapt foar in nij kolleezje. Stroffelstien is de sitewaasje om Sportstad Heerenveen hinne, it grutte sportkompleks by it Abe Lenstrastadion.

Leefbaar Heerenveen is benaud foar de finansjele risiko's fan it projekt foar de gemeente. PvdA, CDA en VVD ûnder- hannelje no mei har trijen fierder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)