Leechsteande skoalle útbaarnd

30 mrt 2009 - 09:42
  • Fan de lege skoalle bleau net folle oer (foto: Edwin Tjallings)

In leechsteand skoalgebou yn de Ljouwerter wyk Lekkumerein is sneintejûn útbaarnd. It giet om it âlde gebou fan de Prins Constatijnskoalle, dy't ferhuze is nei in nij ûnderkommen. It skoalgebou wurdt op it stuit sloopt.

Troch noch ûnbekende oarsaak bruts even nei sân oere brân út. De flammen sloegen ta de ruten út. De brânwacht hie de brân gau ûnder kontrôle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)