Leechsteande pleats útbaarnd op De Harkema

25 aug 2015 - 06:10

Oan de Mûntsegroppe op De Harkema is yn de nacht fan moandei op tiisdei in leechsteande pleats ferlern gien troch brân. De brânwacht kaam mei meardere weinen nei de brân ta, mar doe't se oankamen sloech it fjoer al út it frijsteande gebou.

De brânwacht hat dêrom ynsetten op it behâld fan de oare gebouwen op it terrein. Dat is slagge. De pleats is folslein útbaarnd. Oar de oarsaak fan de brân is noch neat bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)