Leechsteande pleats útbaarnd

03 des 2006 - 15:02

In leechsteande pleats oan it Tolhûs tusken Burdaard en Dokkum is yn de nacht nei snein folslein yn de jiske lein. In buorfrou warskôge de brânwacht, dy't allinne neiblusse koe.

De pleats stie al jierren leech en te keap. By de brân binne gjin minsken ferwûne rekke. Om't it gebou by de Dokkumer Ie stie en mar ien tagongsdyk hat, wie it foar de brânwacht dreech by de brân te kommen. De oarsaak fan de brân wurdt noch ûndersocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)