Leechstân winkelsintrum Boalsert

29 okt 2004 - 10:56

Winkellju yn Boalsert fjochtsje om leechstân yn it sintrum safolle mooglik tsjin te gean. Fiif winkels ha oankundige dat se it sintrum fan Boalsert op koarte termyn ferlitte sille. Supermerk Poiesz ferhuzet nei in oar plak yn de stêd, mar oare winkels hâlde hielendal op.

Benammen de konkurrinsje fan de winkels yn Snits (op mar 10 kilometer ôfstân) en de minne ekonomyske situaasje binne dêrby wichtige faktoaren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)