Leechstân by tefolle wenten

24 feb 2007 - 13:36
  • De befolking sil krimpe en dan komt der leechstân

De 6500 wenningen dy't yn de nije Ljouwerter wyk Súdlannen komme, is it maksimum wat boud wurde kin foar hiel Fryslân by in op 'en doer krimpende befolking. Dat seit demograaf Leo van Wissen yn it 1ste diel fan de tv-rige De Takomst fan de Romte dy't sneinte- jûn útstjoerd wurdt op Omrop Fryslân.

Neffens Van Wissen komme oare Fryske gemeenten dan net mear oan wentebou ta en driget leechstân. Ek by de needsaak fan de Sintrale As set er fraachtekens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)