Leechstân groeit fierder

24 jun 2014 - 14:12
  • De leechstân yn de Midstrjitte op De Jouwer

Hyltiten mear winkels en kantoarromten yn Nederlân komme leech te stean. Yn it noarden binne it foaral de winkels yn it sintrum dy't leech komme te stean. Sa is der by de detailhannel likernôch 9% fan it flieroerflak net yn gebrûk. Foarich jier wie dat noch 8%.

Wylst der hyltiten mear pannen leech komme te stean, binne der ek noch ûndernimmers dy't it wol oandoare om in nije winkel te iepenjen. Sa sille Ivo Hendriks en Debby Bohm yn augustus op de Nijstêd yn Ljouwert los mei "Out of the Box". Dy biedt etalaazjeromte foar oare ûndernimmers.

De winkeliersferiening fan De Jouwer wol de leechstân yn it sintrum fan it doarp op koarte termyn oanpakke. Dat seit fersekerder Ynte Kuindersma, dy't yn de nije leechstânkommisje sit. Ut sifers fan it Planbureau voor de Leefomgeving docht bliken dat der yn ferhâlding in soad winkels leech stean yn it eardere Skarsterlân -tsjintwurdich ûnderdiel fan de gemeente De Fryske Marren. 22,5 prosint fan it winkeloerflak soe dêr leech stean.

Neffens Ynte Kuindersma moatte dy sifers lykwols yn syn kontekst besjoen wurde. Yn it ûndersyk wurdt sjoen nei it oantal fjouwerkante meters winkeloerflak dat leech stiet. At der ien grut pân leech stiet, hellet dat it gemiddeld flink omheech. Dat jildt ek foar de gemeente Littenseradiel, dy't yn hiel Nederlân it heechste skoart mei hast 70% leechstân. Neffens de ûndernimmersferienings fan Wommels binne dy sifers te ferklearjen troch de leechstân fan in grutte meubelsaak dy't koartlyn fallyt gien is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)