Leechstân gebouwen oanpakke

31 jan 2008 - 12:56
  • Leechstân troch min ûnderhâld
  • De tsjerke fan Baaium hat grutte gatten yn 'e souder

Gemeenten en provinsje moatte mear dwaan tsjin leechstân yn doarpen en stêden. De Ryksadviseur foar kultureel erfguod sei dat by de presintaasje fan 'e nota Leegstand en Herbestemming Fryslân.

Yn Fryslân stean 160 gebouwen mei in kulturele wearde leech, ek tsjerken. Dat lêste is neffens de adviseur in ramp as der net gau wat dien wurdt. De leechstân yn Noard-Fryske hierwenten wurdt de kommende jierren ek grutter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)