Leechrin by Cambuur

28 mrt 2006 - 00:00

Raymond Bronkhorst, Angelo Zimmerman en Mitchell Piqué ferlitte oan de ein fan dit seizoen Cambuur. De ôfrinnende kontrakten wurde net ferlingd. Zimmerman hie in opsje foar noch in jier, mar de klub sjocht dêrfan ôf. Fan Piqué wie al langer bekind dat hy hegerop wol. Foar him is der ynteresse fanút België.

Moandei hat Cambuur ek in earste petear hân mei Koen Brack oer in langer ferbliuw yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)