Leech ynskriuwen is probleem

10 maaie 2012 - 12:13
  • Arriva bus

It fernuveret Arriva-direkteur Anne Hettinga neat dat ferfiersbedriuwen yn de problemen komme troch te goedkeap yn te skriuwen op oanbestegings. Hy seit dit yn reaksje op it miljoeneferlies dat ferfierder Syntus hat troch in oanbesteging yn Gelderlân en Oerisel. Dit is ûnder de merkpriis dien.

Neffens saakkundigen en politisy sitte mear iepenbier ferfiersbedriuwen yn de problemen. Arriva is in finansjeel sûn bedriuw, omdat it allinnich ynskriuwt mei bedragen dy't rendabel binne, seit Hettinga.

Earder ferlear Arriva buskonsesjes yn Fryslân oan Qbuzz en Connexion. In grut part dêrfan is no wer werom by Arriva.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)