Leech sifer sintrum Ljouwert

07 apr 2014 - 11:16
  • Binnenstêd fan Ljouwert by jûntiid

De feilichheid en leefberens yn it sintrum fan Ljouwert hellet mei it sifer 4.4 noch hieltyd ûnfoldwaande. It is sels wat efterútgien, want it wie 4.6. Dat docht bliken út de Feilichheidsyndeks 2013. Alle wiken en doarpen fan de gemeente Ljouwert krije in rapportsifer, basearre op sifers fan de plysje en in enkête ûnder wykbewenners. Oer it generaal skoarde Ljouwert in 7.2, en dat wie itselde rapportsifer as ferline jier.

De algemiene konklúzje is wol dat der mear ynbrutsen en stellen is yn wenten en bedriuwen.

De problemen yn en om goedkeape hierwenten nimme ek ta, benammen mei minsken dy't yn de war binne. Opfallend is dat de probleemwiken Heechterp en Skieringen it better dogge en beide it sifer 6 helje. Dat komt troch de buertprevinsjeteams, neffens de wykplysje. Wytgaard en Lekkum binne it feilichst. Dy doarpen krije in 9.

Yn de sifers binne ek aspekten lykas ferkears- en lûdsoerlêst meinaam. Dy falle ûnder leefberens. Der binne mear fytsen op strjitte stellen, mar der is minder yn winkels stellen. De oerlêst troch jongerein is ek ôfnaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)