Ledetal It Fryske Gea groeit troch gearwurking

11 des 2015 - 10:14

It tal leden fan natuerorganisaasje It Fryske Gea is it ôfrûne jier mei hast 2.500 tanommen nei rom 34.000. De stiging komt benammen troch de gearwurking mei soarchfersekerder De Friesland yn it Grien en Fit kollektyf.

Yn it ramt fan dy gearwurking om minsken mear oan it bewegen te krijen yn de natuer, hâldt It Fryske Gea kuier-, far- en fytstochten. Der nimme neffens de natuerorganisaasje ek hieltyd mear minsken diel oan dizze programma's.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)