Leden út CDA-fraksje Do'diel

25 mrt 2013 - 19:52
  • It gemeentehûs fan Dongeradiel yn Dokkum

Twa leden fan de CDA-gemeenteriedsfraksje yn Dongeradiel binne opstapt. It giet om Jouke Douwe de Vries en Klaas van der Galiën. De reden fan it opstappen is dat De Vries en Van der Galiën it net iens binne mei de koers fan de partij rjochting de gemeenteriedsferkiezings yn 2014. Sy fine dat yn dy koers de C fan Kristlik te min út de ferve komt.

Der hawwe noch ferskillende petearen mei fraksje en bestjoer west, mar it is net slagge om beide partijen wer byelkoar te krijen.

Se bliuwe wol lid fan de gemeenteried en gean as de fraksje De Vries/Van der Galiën fierder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)