Leden stamboek drage macht oer

28 okt 2006 - 08:06

De leden fan it Frysk Hynstestamboek binne foar it ynstellen fan in lederied foar de feriening. It wie 125 jier lang sa dat allinnich de algemiene ledegearkomste wichtige besluten nimme koe.

Dat systeem foldocht neffens de leden net mear. Der komme hieltyd mear leden by en de animo foar oerenlange gearkomsten is net sa grut mear. Dêrom wie freed yn Wolvegea de lêste algemiene ledegearkomste fan it FPS.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)