Leden showband Mearum wer thús

21 feb 2009 - 12:40
  • It ûngelok barde by Würzburg
  • Lid Matthijs van Houten

De leden fan de showband út Mearum (Grinslân) binne wer thús. De band wie ûnderweis nei Itaalje foar optredens, mar de bus rekke yn Dútslân belutsen by in kettingbotsing. De fyftich leden fan de band kamen mei de skrik frij, mar de toernee waard yn oerlis mei it bestjoer en de âlden ôfbrutsen.

De bern binne opfongen troch it Dútske Reade Krús en yn in Dútske bus werom brocht. Freed om 21.00 oere kamen de bern oan yn Mearum. Alle bern hiene gurdels om en rekken net ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)