Leden parochy lulk oer mooglike ferkeap tsjerke Wytmarsum

29 feb 2016 - 09:26

Gemeenteleden fan de Zalige Titus Brandsmaparochy binne poerlilk oer de foarnommen ferkeap fan it tsjerke yn Wytmarsum oan projektûntwikkeler Tom Genee, dy't der flechtlingen yn húsfestje wol. De parochianen fiele harren respektleas behannele troch it bestjoer. De leden wiene wol útnûge foar in fergadering, mar yn dy útnûging stie neat oer de ferkeap fan it gebou. Der kamen mar 30 fan de 300 leden opdaagjen. Dy krigen boppedat allinnich de foardielen fan ferkeap te hearren.

Utstel

De parochyleden easkje no fan it bestjoer dat de mooglike ferkeap fan de tsjerke útsteld wurdt oant de gemeenteried in beslút naam hat oer de opfang fan flechtlingen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)