Ledegearkomste FPS yn Houten

15 apr 2005 - 10:11

De ledegearkomste fan it Fries Paarden Stamboek wurdt hâlden op 29 april yn Houten. Dat hat de rjochter woansdei bepaald. Dy kiest foar Houten, omdat dat sintraal leit. Sa kinne der safolle mooglik leden nei de gearkomste komme, om in nij bestjoer te kiezen.

De útspraak fan de rjochter betsjut dat in ledegearkomste fan in groep leden ûnder lieding fan âld-foarsitter Van der Meulen net trochgiet. Dy soe op 25 april hâlden wurde yn Wolvegea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)