Led-ljocht yn Lânboumuseum

10 jul 2008 - 19:03

It Frysk Lânboumuseum en besikerssintrum yn Earnewâld wurde fan no ôf foar it grutste part ferljochte mei led-lampen. It soe it earste museum yn Nederlân wêze dat op grutte skaal sokke ferljochting brûkt. De led-lampen ha in soad foardielen. Se brûke minder enerzjy en it ljocht docht gjin skea oan de objekten yn it museum. It Lânboumuseum en it besikerssintrum sparje ek op oare manieren it miljeu. Se wolle sa in foarbyld wêze foar oare organisaasjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)