LED-lantearnepeal yn Wolvegea

23 sep 2008 - 20:37

De Wolvegeaster Lindewijk krijt lantearnepeallen mei LED-ferljochting. It is de earste wenwyk yn Fryslân, dy't mei dizze enerzjysunige lampen ferljochte wurdt.

De kleur fan it ljocht wurdt sa ôfsteld dat der minder ljocht nedich is om alles yn it tsjuster te sjen. Der kin nei ferwachting 40 persint stroom besparre wurde mei de LED-ferljochting. Yn koarten wurde noch acht Fryske strjitten mei LED-lantearnepeallen ferljochte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)