'LED-kampanje misliedend'

27 mrt 2009 - 14:07

De provinsjale aksje 'Ik stap oer' is misliedend. Dat seit lampefabrikant LED-Ned. Foar in tientsje kin in enerzjysunige LED-lampe kocht wurden. Mar út ûndersyk docht bliken dat de lampe dy't de provinsje kiest hielendal net sa sunich is en ek net sa lang baarnt.

LED-Ned fynt no dat de folsleine sektor yn in negatyf deiljocht steld wurdt. LED-Ned soe ek meidwaan mei de provinsjale aksje, mar koe foar 10 euro gjin goede LED-lampe leverje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)