Leaver nijbou fan swimbad

26 sep 2008 - 12:50
  • It swimbad wurdt opknapt

Oer tsien jier is swimbad de Bildtse Slag alwer bot ferâldere. It is dêrom skande dat de ried opdracht jûn hat foar renovaasje ynstee fan nijbou. Dat seit direkteur Jan Veenma fan it swimbad yn Sint_Anne.

It bad wurdt no foar 8,5 ton opknapt. Der komme nije tegels en in nij fentilaasjesysteem. Ek wurdt it bûtenplak oanpakt. It swimbad krijt nei alle gedachten alle jierren in ton ekstra om it swimbad te ûnderhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)