Learwurkprogramma Middelsee Campus krijt OESO op besite

29 sep 2015 - 19:04
  • De Middelsee Campus yn Sint-Anne

It learwurkplein fan de Middelsee Campus yn Sint-Anne hat ynternasjonaal de oandacht lutsen. Yn it programma wurkje skoallen, regionale bedriuwen en regionale oerheden yntinsyf gear. Se wolle sa in antwurd fine op de krimpferwachtings yn it gebiet.

In delegaasje fan OESO, de ynternasjonale Organisaasje foar Ekonomyske Gearwurking en Untwikking, komt woansdei op besite om harren ynformearje te litten oer de resultaten dy't it gearwurkingsferbân fan de Middelsee Campus opsmiten hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)