Learwurkplak foar wurkleazen

11 apr 2006 - 10:47

Eaststellingwerf wol 50 minsken mei in útkearing oan in learwurkplak helpe. De gemeente siket dêrfoar kontakt mei bedriuwen. Doel is dat de minsken wurk-ûnderfining en -ritme opdogge.

Moandei is by Rabobank De Stellingwerven yn Easterwâlde al in oerienkomst tekene foar sa'n learwurkplak. De bank hie der al mei proefdraaid. De frou dy't dêr oan mei die, hat in arbeidskontrakt by de bank krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)