Learlingen teste selleblok út

18 nov 2005 - 09:28

150 learlingen fan ROC Friese Poort sille nije wike in nij selleblok fan de finzenis yn Lelystêd útteste. It nije kompleks bestiet út 25 sellen. De learlingen fan de Friese Poort folgje in oplieding ta bewaker. De learlingen sille ûnder oare in nij folchsysteem mei polsbandsjes útteste.

Mei dy bandsjes kinne finzenen bygelyks boeken helje by de finzenis-biblioteek. Ek teste de studinten hoe't it is om mei seis man op in sel te sitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)