Learlingen te drok foar skip

17 sep 2007 - 15:27
  • der moat noch hiel wat gebeure oan De Tromp
  • In âlde foto fan it 100 jier âlde sylskip De Tromp

De restauraasje fan it 100 jier âlde sylskip De Tromp yn Ljouwert stiet al moannen stil. It is in learwurk-projekt fan de Friese Poort, mar der is op it stuit safolle wurk te krijen dat der gjin learlingen foar te finen binne.

De restauraasje is in jier lyn begûn, mar de lêste fiif moannen hawwe der gjin learlingen mear oan it wurk west. De eigners wurkje no mei eigen minsken fierder oan it skip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)